Waaddoarp Ternaard ferdield oer gaswinning ûnder it Waad

It rêstige Ternaard sit yn in spagaat. It doarp oan it Waad, ferneamd om de poerbêste jirpels, is ferdield oer it gas. De NAM wol, fan in lokaasje yn it doarp ôf, in gasbel ûnder it Waad oanboarje. Mar moat dat wol wêze? We sjogge oan Grinslân dat soks net sûnder risiko’s is. Mar, der binne nije techniken om ‘mei de hân oan de kraan’ boarje te kinnen, wurdt sein. Boppedat kinne we noch net sûnder gas. Fan alle enerzjy dy’t we brûke, is no noch gjin 6% duorsum. It duorret dus noch wol efkes oant we sûnder gas kinne.

Mei it gas fan Ternaard soe hiel Fryslân tolve jier ta kinne. As we dat bygelyks út wynenerzjy helje wolle, moatte der sa’n 165 mûnen komme dy’t 10 oant 15 jiere draaie. Mar binne dy arguminten sterk genôch om de gok dan mar te nimmen yn it kwetsbere Waadgebiet? Fansels net, fine de aksjefierders yn it doarp. Efter de ruten fan in soad huzen hingje dan ek de posters mei in Fryske flagge en de tekst ‘Ternaard geeft tegengas’. Neffens aksjefierder en skriuwer Willem Schoorstra driuwt it: “Fanwege de klimaatferoaring slacht de panyk no ta. Wy kinne it net meitsje om no noch wer in nij gebiet te eksploitearjen. We moatte no ynsette op de transysje, de oergong nei skjinne enerzjy”.

De NAM ûnderskriuwt dat wol, mar tinkt dat we yn dy oergongsperioade net sûnder it Ternaarder gas kinne. “Mar it gas moat der op by de transysje!”, seit NAM-kommunikaasjeman Sape Jan Terpstra. Yn ‘De spagaat fan Ternaard’ praat Buro de Vries mei wethâlder Pytsje de Graaf, sels ek ynwenner fan Ternaard, skriuwer en aksjefierder Willem Schoorstra, Sape Jan Terpstra en Henk Heeringe fan de NAM en in stikmannich tafallige passanten yn it doarp.

‘De spagaat fan Ternaard’ is de tredde ôflevering fan de simmerrige “Ferhalen fan it Waad”, alle sneinen yn Buro de Vries.

Afscheid oudste kinderen kinderkerk

Tijdens de morgendienst op 16 juli hebben we afscheid genomen van de oudste kinderen van de kinderkerk: Anneke Minnema, Marco Veenstra en Sjoukje van der Wal. Het thema van de deze dienst was ‘Vertrouw op God!’. Onder de muzikale begeleiding van Jan Kuipers en Yme Dijkstra en het kinderkoor De Blide Sjongers uit Dokkum was het echt feest in de kerk.
In deze dienst stond het verhaal van Noach centaal. We mochten Noach zien als voorbeeld die zijn vertrouwen op God stelde en daarmee de dieren en zijn huisgenoten redde. De kinderen hadden allemaal hun lievelingsknuffel meegenomen die vervolgens in een bootje werden gezet. Gelukkig kwam het ondanks dat de kinderen er weinig vertrouwen in hadden toch nog goed. Net als met Noach!
Na afloop van de dienst was er nog een gezellig koffiedrinken onder het genot van zelfgemaakte lekkernijen in de tuin van ds. Bert en Lidy van der Togt.