Ferslach Workshop Krystfersiering


Wer slagge it Aukje Kingma van Doorn Roosje út Burdaard in 16-tal froulje nei ‘Het Groene Hart’ fan Ternaard komme te litten om in ‘workshop’ te folgjen yn it meitsjen fan in krystfersiering op’e doar as yn’e hûs. It wie hiel gesellich, foaral doe’t Swarte Pyt ek noch delkaam mei wat lekkers foar alle dielnimmers en in prachtich gedicht foar ‘juf’ Aukje om har te betankjen foar de wize wêrop sy der altyd wer yn slagget ‘learlingen’ de keunst fan it meitsjen fan in fersiering foar yn’e hûs as foar bûten by te bringen.
Gesellich is it altyd ek al wikselt it sa no en dan fan dielnimmers. Der is in fêste groep dy’t alle kearen wer oanwêzich is. Waarm is it ek binnen no’t it bûten kâlder wurdt en de kofje as tee mei wat der by, falt der elke kear wer yn. Wat dat oanbelanget hawwe Aukje en Sjoukje it goed foarinoar.
Ek it neisitten is altyd wer in gesellich barren.
It is dit jier al de tredde kear dat der in workshop hâlden wurdt en fêst net de lêste kear! It wie wol wat betiid foar in kryststikje, mar Aukje hat it altyd drok yn desimber, fandêr dizze jûn yn novimber en it stikje kin hiel lang mei.
De jûn fljucht wer foarby en oan it ein hawwe alle froulje in prachtige ‘deurguirlande/festoen’ makke mei ljochtsjes en al. Dat sil moai lykje as it jûns tsjuster is.
De workshops wurde al jierren hâlden rûn Peaske en Kryst en dit jier foar it earst yn’e hjerst. De workshops wurde yn it foar oankundige op www.ternaard.nu en yn in oantal winkels. Dan is it in kwestje fan dy’t earst komt, dy’t earst mealt

Please follow and like us:
Follow by Email
Facebook
Google+
http://ternaard.nu/ferslach-workshop-krystfersiering/
Twitter