Klaske de Groot wint Fotowedstrijd “Grutsk”!

Onderstaande foto van Klaske de Groot uit Ternaard is als winnende foto uitgekozen door de jury van ‘Grutsk op Dongeradiel’!

Klaske

Grutsk bin ik op dizze foto om een oantal redenen.
Allerearst bin ik grutsk op myn hûn. De hûn dy’t altyd foar my wurkje wol, yn waar en wyn.
In hûn dy’t altyd een goed humeur hat en my beskermet en selskip hald.
Spitig genoch is myn leave hûn Max, dy’t jimme op de foto sjogge, der net meer.
Een pear wiken nei it meitsjen fan dizze foto is hij tusken Ternaard en Holwerd ûnder in auto kaam.
It ûngemak barde tidens de wurksemheden yn de skiep. Max hie meer each foar de skiep en foar my en hat dertroch in auto oer de kop sjoen. Hij wie op slach dea.
Spiitig genoch is hij der net meer, mar ik bin wol tiige grutsk op him!

Ik bin ek tiige wiis mei de skiep dy’t jimme op de foto sjogge.
De skiep spylje in grutte rol yn ús femylje.
Ús pake hat al een hiel skoft skiep en wij (omke en ik) hawwe dit oernaam.
Alle jierren besykje we wer een oantal bêste rammen te finen dy’t ús feestapel ferbeterje kinne.
De skiep bin de reade tried yn ús libben.
Yn de lammerij tiid is elk yn it spier.
Ik bin dan ek tige wiis mei ús prachtige skiep en de famylje dy’t har altyd ynset foar it bedriew.

As lêste bin ik ek tiige grutsk op ut lânskip.
Op de achtergrûn sjogge jimme de seedyk tusken Ternaard en Holwerd.
Dizze foto is dan ek naam yn de Polder tusken Ternaard en Holwerd.
Een prachtich gebied, net alinne foar de lânbouw.
Wij, as boeren, binne tiige wiis mei dit gebied en passe derom ek ferschillende foarmen fan natoerbehear ta.
Der bin ferskeidene dobben te sjen en der groeit reit yn e sleaten. Troch it reit binne der ferskaate sangfûgels te finen yn dit gebied.
Sûnt koart rint der ek in moai rinpaad troch it gebied, it “Ommetje van Holwerd”.
Ik bin grutsk op dit gebied, wer’t lânbouw en natoer (rekreaasje) in balâns fûn ha.

Klaaske de Groot

Please follow and like us:
Follow by Email
Facebook
Google+
http://ternaard.nu/klaske-de-groot-wint-fotowedstrijd-grutsk/
Twitter