Peaske workshop yn ‘It Griene Hert fan Ternaard’

Woansdei, 10 april 2019: wer in fijne workshop yn ‘Het Groene Hart van Ternaard’.

Ek no is it wer gesellich drok yn ‘It Griene Hert fan Ternaard’. Tsien dames dogge mei oan dizze workshop. It is altyd wer moai om sa mei-elkoar te wurkjen oan in Peaskestikje foar op’e tafel as oan’e bûtendoar.

De workshop stiet wer ûnder lieding fan Aukje Kingma fan ‘Bloemen Doorn Roosje’ út Burdaard. Hja hat altyd in fracht oan materialen by har, sadat der nea in tekoart is om it peaskestikje sa moai as it mar kin, te meitsjen. En der binne mear as genôch ljipaaikes om it gehiel kompleet te meitsjen.


(Op foto klikke foar mear foto’s.)

It kostet som nochal wat
ynspanning, want de ien is no ien kear wat artistiker dan de oar, mar dat hindert
neat. It is krapoanl healwei alven eart de lêste klear is. It resultaat kin bêst wol
besjen lije en it is allegear selsmakke!

Aukje jout sa no en dan wolris goeie ried en stekt wolris eefkes de helpende hân ta, mar it measte moatte jo sels dwaan.

Der moat ek in lympistoal brûkt wurde en dat falt net altyd ta. It levert ek wolris in seare finger mei in dikke blier op. Mar lokkich is der in kraan mei kâld wetter om de measte pine earst fuort te spielen.

Der is wol tiid foar wat drinken en in hapke, want oars duorret de jûn wol wat lang en wurdt de mûle jo droech, net allinne fan ynspanning mar ek fan it praten.

Oan it ein fan’e jûn is elk tefreden oer har Peaskestikje