Dan kin it heve!

It hat eefkes duorre, mar dan is it dochs safier dat it drainearjen begjinne kin. Sawol de camping as it sportfjild wurde draineerd troch de fa. Hoekstra. In hiele klus, mar binnen in wike is it wurk dien.

SONY DSC

Op de camping wurdt begoun mei it graven fan sleuven en dêryn komt dan de slang te lizzen dy’t it wetter ôffiere moat. In laag skelpen der oerhinne en de sleuven kinne wer ticht makke wurde. Op it ein wurde de slangen oansluten op in buis dy’t ôfwettert yn de sleat. Dat is ek it gefal op it sportfjild.
Dan wurdt it ‘keatsfjild’ ûnder hannen nommen, mar dat bart mei in grutte masine. Dy tilt de soade op, lit de ôfwetteringsslang der yn glydzje en lit dan de soade wer sakje. In moai gesicht. As lêste komt de wals der oerhinne om de grûn wer te sljuchtsjen en it fjild leit klear om op Keningsdei brûkt te wurden foar it keatsen en de spultsjes.
No is ek it wurd oan de bewenners fan de Herweijstrjitte, oan de noardkant, om de grippel achterhûs wer hielendal iepen te meitsje sadat net ien mear wetteroerlêst hat.

Foto’s: Oane Talsma

Dit bericht is geplaatst in Het Groene Hart. Bookmark de permalink.

1 Reactie naar Dan kin it heve!

Reacties zijn gesloten.