De Spiker yn Ternaard hâldt iepen hûs nei werûntwikkeling

TERNAARD – It eardere wensoarchsintrum De Spiker yn Ternaard, dat yn de ôfrûne moannen werûntwikkele is ta hierapparteminten, hâldt op sneon 23 april fan 11.00 oant 15.30 oere iepen hûs. Potinsjele hierders, ynteressearre omwenners en de parse binne dêrby fan herte wolkom om it eigentiidske konsept mei 74 studio’s en apparteminten te besjen.

: modelferzje fan appartemint foar âldere hierders.

De Spiker, lange tiid de spil fan it doarpslibben yn Ternaard, is yngripend ferboud ta in wenlokaasje foar likegoed starters as âldere allinnichsteanden en pearen. It kompleks, dat ek foarsjoen is fan iepenbiere romten, is bedoeld foar minsken fan 20 oant 100 jier dy’t selsstannich wenje wolle, mar it aardich fine om inoar te helpen of gewoan op te sykjen. Fansels sûnder hokker ferplichting, ferlies fan selsstannichheid of privacy dan ek. De wenstudio’s foar starters wurde ferhierd foar in priis ûnder de hiertaslachgrins.

: modelferzje fan wenstudio foar starters.

Ynteressearren kinne op 23 april yn twa modelwenningen besjen hoe’t De Spiker der fan binnen útsjocht. De makelder is de hiele dei oanwêzich om fragen te beäntwurdzjen en om ynskriuwingen te begelieden. De oplevering fan de earste wenningen is op 15 maaie. Dy datum, en ek dy fan de iepen dei, binne inkele wiken letter wurden yn ferbân mei oprûne stoarmskea. Wa’t net wachtsje kin en no al mear witte wol, kin terjochte op de webside www.despiker.frl.

Oer Kloosterveste
Fêstgoedûntwikkelder en -ynvestearder Kloosterveste set fol yn op transformaasje fan besteande gebouwen. Yn pleats fan slope en it útfieren fan nijbouprojekten, wurdt sjoen oft transformaasje mooglik is troch werbestimming, ferbouwing of renovaasje. Klaas Hoekstra en Nanne Rodenhuis binne de direkteuren en eigeners fan Kloosterveste. Hoekstra hat desennia oan ûnderfining yn it bankwêzen en is sûnt 2002 selsstannich ûndernimmer. Rodenhuis is al goed 35 jier warber as fêstgoedûndernimmer yn it noarden fan it lân.

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.