FERBOD JEUGDOPTOCHTEN FAN DE BAAN!

Goed nijs, hiel goed nijs. Der mei riden wurde, der sil fergund wurde!
It ferbod op jeugdoptochten is dêrmei fan de baan. Mei geweldige stipe fan de hiele rie, werfoar tank, tsjinne de FNP juster op de earste echte riedsfergadering fan Noardeast Fryslân in fraach yn oer it ferbod op de jeugdoptochten dy’t yn guon doarpen al mear as 100 jier bestean! Boargemaster Apotheker antwurde dêr op dat in boargemaster der wêze moat om te sjen hoe at je wichtige saken op in feilige en goeie manier trochgean kinne litte, net om dingen op foarhân te ferbieden. De yntsjinne en noch yn te tsjinjen fergunningen sil dus gewoan yn behanneling naam wurde!

No bin de doarpen oan set, no mei wy it sjen litte!
Sjen litte dat dizze tradysje it wurdich is om foart te setten, sjen litte dat wy mei de ferantwurdlikheden omgean kinne, dat alle muoite net foar neat west hat en sjen litte dat wy der wat foar dwaan wolle! It nuchtere boereferstân moat foarop, dêr moat wy elkoar by stypje! It bin faak mar lytse dinkjes: foarkom sa folle mooglik oerlêst, tink om jim alkoholkonsumpsje (dat de sjauffeur hielendal net in drup krijt liket my dúdlik), pisje op fêste plakken wêr at dat kin en bûten de beboude kom, tink om de hichte en feiligens fan de wein sels, hâld dy oan de fergunde route……. Lytse dinkjes om mei syn allen oer nei te tinken en ús oan te hâlden. Simpele wurkbere kaders om ús moaie tradysje takomstbestendich te meitsjen en at er dan al in grapjas is dy’t mient dat er it ferbalje moat, miskien wol foar altyd en foar eltsenien, dan moat dyselde fan de rest in sprekwurdlike skop ûnder syn hol ha! Mei elkoar en foar elkoar! Ik sjoch no al út nei de prachtige optochten fan Nijtsjerk, Anjum en alle oare doarpen….. dit ha wy mei elkoar dien!

Diel dit berjocht efkes sadat eltsenien op de hichte is en dan…..
AS DE BLIKSEM BOUWE!

Aant Jelle Soepboer
FNP Noardeast-Fryslân

p.s. besparje wurk en soargje foar in goeie fergunningoanfraach mei in dúdlike route (fia google maps ofsa) en mail noch efkes foar de wissichheid achter de al yntsjinne fergunnings oan, bliuw yn kontakt mei de gemeente en mocht it al problemen opsmite as mochten jim help nedich ha…… jim witte my te finen.

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.