Peaskeworkshop mei Doorn Roosje fan Burdaard

Moai om op dizze wize en ûnder begelieding fan Aukje Kingma in prachtige krâns te meitsjen foar de heechteidagen, lykas no foar Peaske. In gesellich barren by in bakje kofje, tee as frisdrank mei wat lekkers derby en dat yn de feestlik oankleide moetingsromte fan ‘Het Groene Hart van Ternaard’.

pasenDer wiene wer in moai oantal froulje oanwêzich om in hiel moai stikje te meitsjen. Dat de iene wat handiger is as de oare is wol dúdlik, mar elts docht har bêst om it sa goed as mar kin, te dwaan. En dan is it bêst wol in ynspannende beuzichheid.

Der hinget wer in fijne sfear by in oangename temperatuur. Nei in skoftsje begint it wurkstikje al wat foarm te krijen en mei hjir en dêr in oanwizing fan Aukje, komt it wol goed.
Yn it skoft hat Sjoukje Ferwerda de kofje, tee en frisdrank klear te stean mei in hapke der by. It is ek wol noflik om eefkes lins te hawwen, sadat der aanst wer mei nije moed oan de fierdere ôfwurking begûn wurde kin.

Sa healwei de workshop ha de measten it Peaskestikje al aardich fier klear, mar moat de ‘finishing touch’ noch oanbrocht wurde. Der is grien, der binne fûgeltsjes en blomkes om it gehiel op te fleurjen.

De jûn fljucht om en as it sawat tsien ûre is, ha alle froulje harren peaskestikje klear om mei nei hûs te nimmen. Elk hat har bêst dien. En de resultaten meie der wêze. Klik mar op’e foto en jim kinne jimsels drok dwaande sjen mei de Peaskekrâns.

Tekst en foto’s: Oane Talsma

Dit bericht is geplaatst in Het Groene Hart. Bookmark de permalink.

1 Reactie naar Peaskeworkshop mei Doorn Roosje fan Burdaard

Reacties zijn gesloten.