Presintaasje kaart fan Fryslân mei literêre sitaten

Snein 10 novimber komt it projekt Lêsber Fryslân ta in hichtepunt mei de presintaasje fan in plattegrûn fan de provinsje Fryslân mei dêrop mear as 500 literêre sitaten.

Hast twa jier lang hat in team fan Tresoar, de stichting Leesbaar Laagland en De Culturele Onderneming wurke oan dizze unike, kleurrike literêr-geografyske kaart fan de provinsje Fryslân en de stêd Ljouwert mei sitaten út romans, ferhalen, gedichten en ferskes.

Op de kaart binne de doarpen, strjitten, diken, spoarlinen, rivieren en havens net foarmjûn mei linen en kleurflakken, mar mei literêre sitaten. Tink bygelyks oan in sitaat fan Simon Vestdijk yn Harns, Obe Postma yn Ljouwert en Gerard Reve in Greonterp. Under oare Grinslân en Amsterdam giene Fryslân al foar mei harren eigen kaart.

De presintaasje wurdt opfleure troch Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, dy’t spesjaal foar dizze gelegenheid in gedicht skreau. Hy ûntfangt ek it earste eksimplaar fan de kaart. Literatuerwittenskipper en Lêsber-redakteur Louis Stiller giet mei him yn petear oer syn wurk en ûnderfiningen as Dichter des Vaderlands.

Trûbadoer Jaap Louwes spilet tuskentroch lieten, dêr’t yn alle gefallen ien fan op de kaart kommen is.

Ta beslút is der de hilaryske Lêsber Fryslân-kwis. Wa wit it measte fan literêr Fryslân? De winner krijt in lúkse A0-poster fan Lêsber Fryslân. De kaart is dêrnei yn ferskillende formaten te keap. Fansels wolle de gearstallers en skriuwers dy’t oanwêzich binne op fersyk de kaart sinjearje.

Publyk en parse is fan herte wolkom. Wol graach oanmelde (foar 3 novimber) by Lysbert.Bonnema@tresoar.nl.

Datum: Snein 10 novimber fan 14:30 oere ôf.
Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert

Programma
14:30 Ynrin
15:00 Start programma
16:00 Ein programma
16:00–16:30 Borrel en kaartferkeap

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.