Woansdei 11 desimber 2019, it is wer ien en al gesellichheid yn ‘It Griene Hert fan Ternaard’.

Der wie wurk oan’e winkel. Der moast in moai kryststikje makke wurde foar oan’e doar. In Guirlande as in Krâns. It is mar krekt wat je wolle. Aukje Kingma fan blommewinkel ‘Doorn Roosje’ út Burdaard hie in fracht oan grien en fersiering meinommen om it stikje sa moai mooglik te meitsjen. It is gesellich, waarm, en de kofje, mei wat lekkers ûntbrekt ek net. De ien hat it kryststikje wat earder foar elkoar as de oar, mar elts kin harren kreativiteit mear as kwyt.

Sjoukje Ferwerda en Aukje Kingma hawwe al ferskate kearen mei-inoar gear- wurke om wat moais foar thús te meitsjen hjir yn ‘It Griene Hert fan Ternaard’.(Klik op foto foar mear foto’s)

De resultaten kinne it besjen wol lije. En oan’e ein fan’e jûn giet elts mei in foldien en grutsk nei hûs mei it kryststikje.
Ek no sil it fêst net de lêste kear west hawwe om Der sille fêst mear fan dizze ‘workshops’ folgje en it binne echte oanrieders foar elts dy’t in moai blomstikje meitsje wol foar Peaske as foar yn’e Hjerst as mei Kryst!
En it bringt in moai stikje ûntspanning, sa’t ien fan’e dielnimmers sei.

Foto’s en tekst Oane Talsma

Dit bericht is geplaatst in Nieuws. Bookmark de permalink.