Tsjerkepaad: It giet wer oan!
24 mei 2026
It giet wer oan!Ek dit jier docht Ternaard wer mei. Mei help fan sa’n 20 frijwilligers is it mooglik om ús monumintale Antoniustsjerke yn ‘e perioade fan 4 july – 13 septimber alle sneontemiddeis fan 13:30 – 17:00 o. iepen te stellen foar alle publyk.
Tige de muoite wurdich om dit prachtige monumint ris goed fan binnen en bûten te besjen!
Dit jier is der ek wer in tema ferbûn oan Tsjerkepaad: ‘Er zit muziek in de kerk’
It leauwen en de tsjerke hawwe altiten in sterke ferbining hân mei sang en muzyk.
Mar ek yn oerdrachtlike sin sit der muzyk yn ‘e tsjerke. It positive boadskip, it omtinken foar elkoar, each foar it kwetsbere, de soarch om earmoed en iensumheid.
De kommisje Tsjerkepaad besiket yn dizze perioade alle sneonen in koarte muzikale presintaasje te organisearjen. Dit kin betsjutte dat it grutte Van Dam-oargel bespile wurdt en/of dat der lokale sjongers/muzikanten in bydrage leverje. Lit jim ferrasse!
It muzikale momint sil ûngefear tusken 15:00 o. en 15:45 o. plakfine.
Wy dogge hjirby ek de oprop oan jonge lokale sjongers of muzikanten om har oan te melden foar sa’n muzikaal presintaasjeblok.

Neist dit provinsjaal Tsjerkepaad-tema hawwe wy yn ‘e Grutte Tsjerke ek noch in ekstra aktiviteit: In tentoanstelling fan fynsten by de berging fan it Vickers Wellington-fleantúch oan ‘e seedyk tusken Holwert en Ternaard.
By de besichtiging fan ‘e Grutte of Antoniustsjerke is het mooglik om in kearske oan te stekken foar in dierbere of foar de wrâld.
Ek binne der boeken, kalinders, kearsen en kaarten fan de tsjerke te keap.
Yn ‘e tsjerke leit in gasteboek. It wurdt tige op priis steld as jo dêryn ek wat skriuwe wolle.
Foar oanmelding as sjonger/muzikant en foar mear ynformaasje:
T. 06.12522662 (E.Goodijk)
Klik HIER voor de folder...

